Menameradiel fernijt
- Wonen & werken
- Dorpen
- Kleaster- Anjum
Kleaster- Anjum
Buorskip tusken Berltsum en Rie. Yn 1256 is oan de âlde ôfwettering nei it Waad, hjir in kleaster stichte: Sanctea Mariënberch. It buorskip wie oant 1963 is selsstannich doarp en bestiet út tal fan monumentale pleatsen en huzen ferspraat oer trije kante kilometer. De wide romte, fiere kimen en prachtige wolkenpartijen boppe bou-en griene grieden binne de grutste rykdom fan it Kleaster. Guon pleatsen binne útgroeid ta moderne agraryske bedriuwen, oaren ha de agragryske funksje ferlern en binne unike wenpakken wurden fan lju dy't fan de natoer en de romte hâlde. Kleaster Anjum hat in rike histoarje, hat sawat 50 ynwenners en in aktive buorskipferiening.
Website: www.kleasteranjum.nl

